Jeugdfûgelwachtdei, 27 Maaije 2006, Heech

 

De BFVW fynt it ferskuorrend wichtich dat elts frysk doarp/stêd wer in Jeugdfûgelwacht hawwe sil. Dêrta ûndernimt de BFVW tal aksjes. Faak yn gearwurking mei fûgelwachten.

Dat sa is der ek elts jier in Jeugdfûgelwachtdei. Diz kear wie dat yn it temapark Heech.

 

De doelen fan de Jeugdfûgelwachtdei binne:

De lieders fan de Jeugdfûgelwachten ris goed yn it sintsje sette.

Harren de kâns jaan on ûnderling ûnderfinings út te wikseljen en elkoar ek entousiast te meitsjen, foar safier men dat al net is.

In dei meitsje, dêr’t letter de minsken mei niget op werom sjogge.

Harren ek yn kontakt komme litte mei nije idees lykas les middels, lokaasjes en wat net mear!

 

Ek de Fûgelwacht van Balk e.o. hie een untnoeging untfongen.

Hjir een verslag van dizze prachtige dei.

 

Mar leafst 247 bern en 80 begelieders fan 19 by de BFVW oansletten jeugdfûgelwachten út Fryslân wiene op sneon 27 maaie te gast yn Heech. Yn de tinte stie limonade, kofje en stikje oranjekoeke en in rêchtas mei fjildkaarten pipermunt, in pinne, in opskriuwboekje en in fûgelboekje foar alle bern klear.

 

Om klokslach njoggen oere- der wie in strak tiidskema- waard troch Hegemer en loko-bougemaster de hear Douwe Attema mei in wurdsje de dei iepene. Nei wat húshâldlike meidielings giene de bern ûnder lieding fan planten-, wetter- en fûgelminsken elk in oare kant út. Op syk nei soarten planten en njoggen-jierrige Afrida Terpstra fan De Gaastmar telde maar leafst 41 soarten. Omdat der sa’n soad bern wiene waarden de groepen wil wat oan de grutte kant en dat bliek bêst wol gesellich te wezen. Doe’t omrop Fryslan mei de kamera yn de reedlik folle fûgelhut kaam, skikten alle bern samar noch wat yn. Ek fûnen bern it wol apart dat der minsken binnen dy’t in soad fûgels oan it lûd herkenne. Tige ynteressant fûnen de bern ek it wetterûndersyk. Mei in skepnet by de feart lâns, yn e amer leegje en dan yn de hannen better besjen wat it no wol is. Hast alle bern ha ek wol efkes op de útkykheuvel sjoen en yn de lytse blokhut west.

 

Ek wie der in kuier oer de polderdyk fan de Van Ommenpolder. Hjir wie it fjild ien grutte blommesee. Fûgels waarden der net safolle sjoen, mar it bliuwt in moai stik natoer wêrby betûfte greidefûgelmensken útlis joegen oan de bern.

 

Der wie in soad oer praten, mar it waar wurke dizze dei geweldich mei. It wie hearlik om bûten te wezen en te genietsjen fan it Heempark en yn maaie is it dêr suver op syn moaist.